Nijsgjirrich wurden?
Meld dy oan foar de nijsbrief.
Flaaks bringt de wearde fan lokale produksje en suver ambacht ta libben.
Kies foar it gemak fan omklaaie wannear ast mar wolst én wêr ast mar wolst. In bûtensporter klaait him faak bûten om, wêr’t dat ek mar is. Mei oare minsken yn de buert kin dat in ûngemaklik gefoel jaan. Krekt troch sa’n ûngemaklik momint, is it idee fan de ‘omklaaiponsjo’ ûntstien. Nei it fytsen, swimmen of hurdrinnen efkes rêstich omklaaie sûnder taskôgers? Dat hat noch nea sa maklik west!
Folsleine bedekking, fluch ôfdrûgje en sûnder drokte omklaaie kinne: sa makket it unike ûntwerp in ein oan it ûngemak dat men fiele kin by it omklaaien yn de bûtenloft. It linnen is boppedat tige komfortabel om te dragen, fielt sêft oan, kin goed focht opnimme en giet in libben lang mei. De ûntwerpen binne tiidleas en út artistyk eachpunt gearstald, mei de natuereigene kleuren fan it linnen.
Flaaks wurket nau gear mei Wad van Waarde. Sy sette harren yn foar in plestikfrij Waadgebiet en foar sirkulêre systeemferoaringen. Ien fan de inisjativen is it stimulearjen fan de flaaksteelt, en dêrmei it werombringen fan de wurdearring foar linnen as duorsum alternatyf. De produksje is yn hannen fan VanHullly, in sosjaalmaatskiplike wurkpleats foar talintfolle froulju yn in wurk-leartrajekt.
Flaaks is in iuwenâld gewaaks, dat yn de njoggentjinde iuw op grutte skaal op de Fryske klaaigrûn kweekt waard. Yn de tweintichste iuw krige flaaks konkurrinsje fan syntetyske fezels, sadat de flaaksteelt desennialang op de eftergrûn rekke. Tsjintwurdich kiest men wer faker foar flaaks, as alternative oplossing foar (micro)plastics.
Flaaks hat har namme te tankjen oan it gewaaks dat brûkt wurdt foar de produksje fan har unike ûntwerpen. Flaaks stribbet nei funksjonele produkten, duorsume alternativen en in sirkulêre ekonomy. De DuPoncho is it alderearste produkt dat troch Flaaks ûntwikkele is. It wie in projekt fan meardere jierren, dêr't grutsk op weromsjoen wurdt. It inisjatyf lit sjen dat in sirkulêre gearwurking mooglik is; sa wol Flaaks in boarne fan ynspiraasje wêze foar de rest fan de wrâld. Flaaks bringt de wearde fan lokale produksje en suver ambacht ta libben.
Meld dy oan foar de nijsbrief.