De omklaaiponsjo dy’t foar dy én de ierde goed is

De DuPoncho is it alderearste produkt dat troch Flaaks ûntwikkele is. It ûntwerp is 100% duorsum, hat unike skaaimerken en is te krijen yn trije natuerlike kleurekombinaasjes.

Praktysk en funksjoneel

De DuPoncho hat in unike gearstalling, sadat omklaaie gjin muoite kostet. It linnen is tige komfortabel om te dragen, fielt sêft oan en nimt in soad focht op. Kinst de DuPoncho dêrom ek goed brûke as handoek. De kapusjon is tagelyk in pûde, dêr’t de DuPoncho maklik yn opburgen en meinommen wurde kin.

Tiidleas en elegant

Libbenslange garânsjes freegje om tiidleaze ûntwerpen. Foar de produkten wurdt dêrom gebrûk makke fan de natuereigen kleuren fan it linnen. De kleurekombinaasjes binne gearstald út in artistyk eachpunt. De diagonale trochsneed yn it ûntwerp jout in gefoel fan beweging en foarútgong.

Duponcho

Normale priis €219,00 EUR
Kleur:
Swart
  • Materiaal : 100% linnen
  • Grutte : ien maat
Allinnich 5 ienheden oer
Beskriuwing

Hiel funksjoneel foar it feroarjen fan klean by bûtenaktiviteiten. Tink oan fytse, rinnen, survival of swimmen. Linnen is tige noflik om te dragen, sêft op 'e hûd en absorbearret focht. Smaak it gemak fan it feroarjen fan klean (by de auto); nea wer kâld en altyd privacy.

Maten

Beskikber yn ien universele maat. Geskikt foar folwoeksenen.

De LYTSE letterkes

Wy wolle graach dat dyn produkt in libben lang meigiet. Echt wier! Mar lykas by alle moaie dingen yn it libben, binne der in pear lytse dingen om yn ‘e efterholle te hâlden:

  • Libbenslange garânsje. Troch de kwaliteit fan it materiaal en de produksje kinst der wis fan wêze dat de DuPoncho in libben lang meigiet. By normaal brûken fansels!
  • Gjin reinponsjo! De DuPoncho kin goed focht absorbearje, mar is dus net wetterticht. Kinst ‘m dêrom net brûke as reinponsjo, mar it ûntwerp is ideaal foar omklaaimominten: wannear ast mar wolst, én wêr ast mar wolst!
  • Mei de hân makke = Unyk! Alle ûntwerpen wurde mei leafde en soarch mei de hân makke. Dat betsjut dat elke DuPoncho krekt oars is: dat makket elk ûntwerp ekstra spesjaal.  
  • Tefreden klanten. Mocht der wat ferkeard gien wêze mei it produkt; lit it ús witte. Wy steane altyd klear om mei-inoar nei in oplossing te sykjen. Wy hâlde fan tefreden klanten!

Wat makket de Flaaks DuPoncho sa unyk?

Klikje op in plusteken en ûntdek de unike skaaimerken.

Oan de sydkant sit in bûse foar lytse eigendommen (lykas in bril, horloazje of kaai).

It wide ûntwerp soarget foar in soad rûmte en folsleine bedekking.

De kapusjon hâldt de kjeld bûten en is tagelyk in pûde om te ponsjo yn op te bergjen.

Linnen is fan natuere bestân tsjin baktearjes, dat de stof begjint net te rûken.

Linnen fielt sêft oan op ‘e hûd en nimt in soad focht op.