Mei omtinken foar suver fakmanskip en sirkulêre (produksje)keatlingen
Allinnich funksjonele oplossingen fan libbenslange kwaliteit Unike ûntwerpen, gjin mikroplastyk en 100% duorsum.
Wy leauwe yn produkten fan libbenslange kwaliteit
De wearde fan pleatslike keatlingen en suver fakmanskip wurdt wjerspegele yn 'e ûntwerpen. Us doel is om de wrâld te ynspirearjen om bettere karren te meitsjen.
Hoe’t it idee ûntstien is

As doersporter mei ik graach fytse en hurdrinne. Foar de aardichheid en foar de útdaging doch ik gauris mei oan eveneminten, of praat ik mei freonen in lokaasje ôf dêr’t wy wei te sporten geane. Benammen nei ôfrin fan sa’n aktiviteit wol ik mysels fuortendaliks ôfdrûgje en bedekke kinne, sadat ik net kâld wurd. Ik haw ûnderfûn hoe ûngemaklik it omklaaien wêze kin yn it bywêzen fan (bekende én ûnbekende) minsken. Sa is it idee fan de DuPoncho ûntstien! It biedt gemak, komfort en frijheid by it omklaaien, wannear’t je mar wolle én wêr't je mar wolle. Sûnder potsjekikers!

Lokale gearwurking

Om it idee fierder út te wurkjen hawwe wy in groep kreative en fernimstige minsken byinoar brocht. Al gau wienen alle partijen it deroer iens dat it produksjeproses foldwaan moast oan trije kearnwearden: funksjonaliteit, kwaliteit en duorsumens. Wad van Waarde hat it idee omearme en it projekt ‘fan plan(t) nei ponsjo’ yntinsyf begelaat: fan grûnstof (flaaks) oant einprodukt (linnen). Mei tank oan Wad van Waarde en VanHully hawwe wy derfoar soargje kinnen dat it produksjeproses lokaal plakfynt.

Dutch Design Week

Goed twa jier is der wurke oan in duorsume omklaaiponsjo. Alle aspekten fan it ûntwikkelproses binne dêrby trochrûn: ûntwerp, produksje, grûnstoffen, design en nammejouwing. It hichtepunt? De lansearring fan de Flaaks DuPoncho by de Dutch Design Week yn Eindhoven (2024).

Together We Design the Future!
Mei-inoar ûntwerpe wy de takomst!

Dit is Flaaks

Flaaks hat har namme te tankjen oan it gewaaks dat brûkt wurdt foar de produksje fan har unike ûntwerpen. Flaaks stribbet nei funksjonele produkten, duorsume alternativen en in sirkulêre ekonomy. De DuPoncho is it alderearste produkt dat troch Flaaks ûntwikkele is. It wie in projekt fan meardere jierren, dêr't grutsk op weromsjoen wurdt. It inisjatyf lit sjen dat in sirkulêre gearwurking mooglik is; sa wol Flaaks in boarne fan ynspiraasje wêze foar de rest fan de wrâld. Flaaks bringt de wearde fan lokale produksje en suver ambacht ta libben.

Nijsgjirrich of gearwurkje?

Hat it ferhaal, merk of produkt dy nijsgjirrich makke? Skriuw dy yn foar de nijsbrief of nim fuort kontakt op.

Nijsgjirrich wurden?

Meld dy oan foar de nijsbrief.